Fryske films
Yn dizze extra ôflevering fan de podcast, ta eare fan Fryske films, giet Gabrielle yn petear mei filmmakker Johanneke Dijkstra oer har yndrukwekkende film Kriich. Dizze film jout in nije blik op de striidlust dy't sa ferbûn is mei de Fryske skiednis en stelt de fraach: hoe sit dat no yn ús moderne tiid? Johanneke fertelt oer it meitsjen fan de film, har fisy op Fryslân en de krêft fan ferhalen yn it Frysk.
In film oer Fryslân: ferline en hjoed mei-inoar ferweve
Johanneke beskriuwt hoe't Kriich har persoanlike fisy op Fryslân werjout. Se woe gjin tradisjonele heldeferhalen fertelle, mar wat nijs meitsje dêr’t moderne Friezen har yn werkenne kinne. Se brûkte symboalen en eleminten, lykas in iisblok om tema’s fisueel te meitsjen. De film lit sjen dat Fryslân in divers plak is.
Gabrielle dielde hoe’t de film har rekke hat: "Ik moast trije kear gûle."
De takomst fan Fryske films
Njonken it sukses fan Kriich wurket Johanneke oan in nije Fryske searje dy’t spilet yn de Wâlden, en dus yn it Frysk.
De kar om dit yn it Frysk te meitsjen is foar Johanneke essinsjeel. Hoewol’t guon oantriuwnen op Nederlânsk, fielt dat foar har as in oantaasting fan de autentisiteit fan it ferhaal. “Frysk is de taal fan de omjouwing dêr’t dizze ferhalen spylje. It makket de film of searje realistysker en moaier,” seit se.
Johanneke leit ek klam op it trochbrekken fan taboes en ferbining: “Minsken hawwe faak in ienfâldich byld fan Fryslân, mar hjir wenje hiel ferskillende minsken. Wy kinne safolle mear berikke troch dingen mei-inoar te dwaan, yn stee fan alles sels oplosse te wollen.”
Male Gaze, Female Gaze en ynspiraasje
Yn it petear hawwe Gabrielle en Johanneke it ek oer de “Male Gaze” yn films, wêrom’t it wichtich is om mear nuânses te sjen.
Johanneke neamt foarbylden fan makkers dy’t har ynspirearje, lykas Halina Reijn en Yorgos Lanthimos, wylst Gabrielle en sy tegearre reflektearje op films dy’t se it ôfrûne jier sjoen hawwe.
In nije blik op Fryslân
Mei Kriich hat Johanneke wat nij delset: in film dy’t de striid fan no werjout en romte biedt foar emosjes en ferbining. "It giet net allinnich om te befestigjen wat wy al witte, lykas de Alvestêdetocht of Grutte Pier, mar om it finen fan nije ferhalen dêr’t minsken harren mei ferbine kinne," seit se.
Bliuw Johanneke folgjen, want dit is pas it begjin fan in spannende takomst foar Fryske films.