Artwork for podcast Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
Dûnsje en Dichters
Episode 79th February 2024 • Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard • Terpstra & Hut
00:00:00 01:02:31

Share Episode

Shownotes

It wie in drokke poezywike mei in ferstjerren, rapworkshops, in nije stedsdichter en in stuntrit út de grutte gerichtsjûn by It Fean wei.

Gabrielle wol 3 wiken op de skriuwersark ferbliuwe mar Arjan wol der it leafst sa gau as mooglik fuort. Binne wy in soarte fan Bomans en Wolkers op Rottumerplaat?

Arjan freget him ôf oft syn gelok op is en foarseit dat er dêrom nea in Gysbert winne sil en Gabrielle sil in boek skriuwe.


Wy soene graach wolle dat Sigrid Kingma dûnsles oan dichters jaan sil en fierder seagen wy in soad tv. Fan Gijs Groenteman oant de Vaandeldrager 5.

Arjan sjocht út nei De Moanne wêryn't in soad nij poëzytalint stean sil, lykas Bram Zielman en Ria Walstra.

Ek it projekt Now is the time to say new things fan Jochem Knoeff is wat om nei út te sjen.

Wy beprate de bondel Rozige Maanvissen fan Sytse Jansma en lêze ek poezy fan Lans Stroeve en Jacobus Q Smink

Links

Chapters

Video

More from YouTube