Artwork for podcast Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
Simmerhjitte
Episode 1321st June 2023 • Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard • Terpstra & Hut
00:00:00 01:02:59

Share Episode

Shownotes

"Simmertrillers, Meindert Talma, Grutte Computers & Connie Harkema.

De simmer is los! Gabrielle fytst gefaarlik mei de telefoan yn de hân en by de spoarwei-oergong sit in man mei in skyld gesicht. Arjan hat in nije bondel, mei gedichten oer de tiid: Ien tel de ierde stil.


Vikings binne eins mar domkoppen, en we sykje om in ferdwûne dichteres: Jeannette Dopbergen. En in soad fragen. Libbet Bruce Willis noch? Hat Syds Wiersma syn Fryske Slampriis wol ûntfongen, of wie it in symboalyske sjek?


Ut gedichten fan Klaske Hiemstra, Jeannette Doppenberg en Erik Betten docht bliken dat in simmer pas ècht echt is as dy foarby is."

Links

Chapters

Video

More from YouTube