Shownotes
Driuwt ús podcast hielendal rjochting sport en polityk of kinne we der noch wat kultureels fan meitsje?
Arjan trof Gabrielle mei in aaiwytshake by de podcast wylst er sels ek aardich beswit fan syn eigen moarns-rûtine oankaam.
Wy freegje ús ôf oft de skriuwersfakskoalle opdoekt wurde kin en hawwe it oer de films dy't wy seagen.
Hein Jaap Hilarides komt moarn mei in nij boek dy't presintearre wurdt yn Frjentsjer en Arjan dielt in resept foar iiskofje.
Wa wint de Giele Grouwe Riger? Wy betinke alfêst wat aardige plots, wat soe der barre as Facebookboomers weromgean nei de tiid dêr't se sa lyrysk oer binne?