Shownotes
Yn dizze ôflevering fan 'Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard' poëzij fan u.o. Joost Oomen.
Wy wolle Oranjekoeksalade op it Frysk Ynstitút yn Brussel, wêr Gabrielle wy foar Transpoesie. Wy prate oer droege woarst en de woarst hingje litte oant it hast in mummie is. 🥩
Wy prate oer de tol fan it sukses en de drokte dy’t dichters ûnderfine, en it byld fan de dichter as immen dy’t drinkt, neukt en subsydzje krijt. Oer Cornelis van der Wal mei in bysûndere útjefte fan syn achtste bondel, en sels syn klean bliuwt net ûnbesprutsen. 👕
Dêrneist beprate wy de gedichten fan Sipke, en ropt Gabrielle op foar mear froulju op it poadium – net foar harsels, mar it hiele geslacht. 💪
Gabrielle oer de twadde 'Joker'-film en harren leafde foar bodyhorror yn THE SUBSTANCE, mei Margaret Qualley. Sy freegje harren ek ôf oft Anne Feddema de ûnkroande stedsdichter is.
Der binne shoutouts nei Wim Brons en wy sjogge foarút nei eveneminten lykas de Paupereksposysje op 27 oktober yn Marktzicht en in keramykútstalling oer de keizerin op 26 oktober. Ek stelle wy de fraach: wa mei foardrage foar de Keninginne? En hoe kin it dat Elmar jonger liket as Arjan?
Uteinlik slute wy ôf mei it testen fan kruidnoten en de boekpresintaasje fan Tjeerd. 🎉