Shownotes
Yn dizze ôflevering fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard nimt Elmar Kuiper plak oan de mikrofoan, want Arjan is siik.
Elmar fertelt oer syn jeugd by de fleanbasis – in tiid fol spanning yn in paradys, dêr’t syn nije bondel ferlosboartsje ek oer giet. Ticht by dysels bliuwe as dichter, hoe dochst dat? Wy prate oer hoe’t sosjale media de wrâld hiel swart-wyt makket mar hoe’t poëzy minsken dochs djipper sjen litte kin.
In oar tema wie de fraach: “Wat is realiteit?” Gabrielle lêst oer dissosjaasje yn romans, en Elmar fertelt oer psychotysk skriuwen.
Wy steane stil by Elmar syn kluzenaarlibben: in stabyl, rêstich bestean dat him goed foldocht. Hy fertelt oer autisme en hoe’t er mei syn yllustraasjes syn bondels in eigen stimpel jout.
Oare hichtepunten fan de ôflevering:
- Gabrielle en Elmar steane op 29 novimber tegearre op it poadium by BoekFloedBoek.
- De ferhalen oer Willy Darktrousers syn húskonsert foar in pony, katten en hûnen.
- Spûken yn Grut Lankum! Elmar fertelt ús alles oer de geasten dy’t dêr noch altyd omspûkje.
- Gabrielle en Elmar harren filmûnderfiningen: aktearjen én regissearjen!
Harkje no de folsleine ôflevering fan Gabrielle en Elmar bedoele it net ferkeard!